Fryslân fan 'e moarn fan 17 augustus 2017 06:00

* 50.000 Psy-Fi besikers geane mei de taksy fan en nei it festival, en in Ljouwerter taksybedriuw hat dêr de hannen fol oan.
* Militêren, natoerbehearders, minsken fan de gemeente, fan Rykswettersteat, en wol 100 frijwilligers sille mei-elkoar oefenje om út te finen oft de Waadsee wol taret is op in oaljeramp;
* Mei twa wedstriden te gean binne der noch fjouwer skûtsjes dy't kampioen wurde kinne by de SKS. En Akkrum heart dêr net mear by...
* Fanwege in skimmelsykte wurdt in grut part fan de esken by ús yn de provinsje omseage. Mar miskien is dat wol hielendal net nedich, seit de Universiteit fan Wageningen;

De gast fan de dei is Leo Kiewied fan it Amelân, hy en syn maten (Jan Kiewiet, Marco Kooiker, Stefan de Kruyk en Hein Mosterman) dogge sneon mei oan de Zeepkistenrace yn Limburch. De fjoertoer fan it Amelân moat yn it deistich libben it skipferkear yn de goeie rjochting stjoere, már no moat dizze fjoertoer sels ek yn de goeie baan bliuwe... Oke, it is net eksakt deselfde fjoertoer.... hy is krekt wat lytser en it hat tsjillen. It is nammentlik de toer fan Amelân yn de foarm fan in zeepkist! Fiif freonen fan it Amelân sille dêrmei sneon fan de Cauberg yn Limburch ôfgliedzje....om te striiden foar de 1e priis by dé ferneamde zeepkistenrace fan it lân.

De meunsternimmer is Karin Sitalsing en de kollum is fan Botte Jellema.

Leo Kiewied fan it Amelân docht mei oan de Zeepkistenrace

  • Leo Kiewied fan it Amelân docht mei oan de Zeepkistenrace

Meunsternimmer Karin Sitalsing

  • Meunsternimmer Karin Sitalsing

06:09 - Madonna - True Blue
06:17 - Acda & De Munnik - Laat Me Slapen
06:21 - Coldplay & Big Sean - Miracles (Someone Special)
06:38 - Riddim_X - Ik Tink Oan Dy
06:49 - Black Eyed Peas - Don't Lie
06:53 - Sister Sledge - We Are Family


07:14 - Jonas Blue - Mama
07:26 - Weima & Van Der Werf - Hjoed Is Fantastysk
07:44 - Manau - La Tribu De Dana
08:11 - Shawn Mendes - There's Nothing Holding Me Back
08:24 - Adele - Water Under The Bridge
08:40 - George Harrison - Got My Mind Set On You
08:48 - O.M.D. - Forever Live And Die
Jacob Stelwagen

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
(advertinsje)