Fryslân fan 'e moarn fan 17 april 2018 06:00

We moatte ús iten tichterby hûs ferbouwe litte, dat is de ynset fan it evenemint Gewassenveld op It Bilt.

CDA yn Opsterlân bot teloarsteld dat der gjin plak is yn de koälysje.

Jurgen Streppel makket him noch net sa'n soad soargen oer de wedstryd jûn tsjin ADO Den Haach. Hearrenfean hat fitte spilers en beide ploegen hawwe likefolle punten.

1000 euro bemiddelingskosten betelje guon studinten foar in keamer yn Ljouwert. En dat moat gau oars, fine Ljouwerter studinteferieningen.

Kreative opliedingen dy't minsken opliede foar artyst of moade-ûntwerper moatte ôfskaft wurde, want de measte learlingen fine dochs gjin baan.

De Toan fan Willem Schoorstra

  • De Toan fan Willem Schoorstra

Ferslachjouwer Bauke Deelstra en de sweltsjes

  • Ferslachjouwer Bauke Deelstra en de sweltsjes

De fûgelbeskerming hat 2018 útroppen ta it jier fan de hússwel. It giet lang net goed mei de swel. Yn de ôfrûne 50 jier is it oantal swellen yn Nederlân mei mear as 80 persint ôfnaam, fan 450.000 yn de jierren 70, oant 75.000 no. Dêrom stiet de hússwel op de reade list fan Nederlânske briedfûgels. Om de swellen te helpen wurde der op meardere plakken yn de provinsje saneamde swellewâlen boud, sadat de fûgels romte ha om nêsten te meitsjen. Ien fan dy nije swellewâlen stiet yn Deinum, en dêr is ek ferslachjouwer Bauke Deelstra.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra is by de sweltsjes, diel 2

  • Ferslachjouwer Bauke Deelstra by de sweltsjes, diel 2

06:10 - Eros Ramazzotti & Tina Turner - Cose Della Vita
06:21 - Skik - Op Fietse
06:36 - Wiegels Wjukkelmasine - Yn De Rein
06:46 - John Lennon & The Plastic Ono Band - Instant Karma !
06:49 - Shawn Mendes - In My Blood


07:16 - Rita Ora - Anywhere
07:23 - Adele - Send My Love (To Your New Lover)
07:45 - Eddy Dykstra & Sons - De Mem Fan Doutzen
07:51 - Kool & The Gang - Fresh


08:14 - Wulf - All Things Under The Sun
08:26 - Brooke Fraser - Something In The Water
08:41 - Beach Boys - Kokomo
08:50 - R.E.M. - Shiny Happy People
Jacob Stelwagen

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
(advertinsje)