Fryslân fan 'e moarn fan 16 oktober 2015 06:00

    * Ljouwert is hjoed it toaniel fan twa demonstraasjes oer de komst fan flechtlingen, mar boargemaster Crone makket him gjin soargen
    * De syktocht nei in geskikt plak foar in AZC yn Opsterlân rint op neat út
    * De striid tusken himpkweker Doede de Jong en justysje ferhurdet; der is yn heger berop in hegere straf tsjin him easke
    * De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân nimt definityf ôfskie fan Drylts; aant allinnich fergaderje yn Snits

    * It jeugdhonk yn Ternaard driget sluten te wurden want de oerlêst wurdt te grut
    * Der is in stins ûntdutsen op It Bilt; net yn it echt, mar op in kaart
    * De kuorballers fan LDODK ferlieze mei romme sifers fan it Nederlânsk achttal
    * Alwer stakings yn de metaalsektor. Aksjefierders komme op dit stuit bymekoar yn it Abe Lenstra stadion

    De Meunsternimmer - Siebe Annema

    • De Meunsternimmer - Siebe Annema

    Gast fan de Dei - Bas Hollenberg

    • Gast fan de Dei - Bas Hollenberg

    Eigeners Bas Hollenberg en Arjen Rusticus fan sawol De Walrus yn Snits as De Walrus yn Ljouwert hawwe besletten om beide saken te ferkeapjen. De ûndernimmers hawwe de oandielen fan beide suksesfolle hoarekabedriuwen oerdien oan Johannes Klaversma. De gebouwen bliuwe wol yn eigendom fan Hollenberg en Rusticus.

    Klaversma hie in managementfunksje bij Post.nl en hy is foar de Fryske hoareka gjin ûnbekende. Hy hat tusken 2009 tot 2012 bedriuwslieder west fan De Walrus yn Ljouwert. Bas Hollenberg en Arjen Rusticus hawwe fierders witte litten yn alle gefallen takom jier noch gewoan yn beide saken oan it wurk te bliuwen om de oergong foar de klanten sa rêstich mooglik ferrinne te litten.

    De Toan fan Nynke Sietsma

    • De Toan fan Nynke Sietsma

    06:09 - Supertramp - It's Raining Again
    06:16 - Felix Jaehn & Jasmine Thompson - Ain't Nobody
    06:23 - Eagles - Lying Eyes
    06:34 - Eagle Eye Cherry - Save Tonight
    06:49 - Gurbe Douwstra - Thus


    07:18 - Waterboys - The Whole Of The Moon
    07:49 - R. City (Ft. Adam Levine) - Locked Away


    08:16 - Lionel Richie - Do It To Me
    08:37 - Milky Chance - Stolen Dance
    08:45 - George Harrison - My Sweet Lord

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)