Fryslân fan 'e moarn fan 16 novimber 2017 06:00

    1. Mei Biltske patat wurde de Keamerleden entûsjast makke foar Kulturele Haadstêd... en it liket te wurkjen.
    2. In nije pont foar it ferfier nei it starteilân by Snits moat yn de Snitswike filefoarming foarkomme en yn de rêstige tiid krekt foar mear drokte soargje.
    3. 'Schoenmaatje' fan Edukans, skoalbern dy't in skuondoaze mei guod folje foar bern yn earme lannen, yn Kollum dogge se al 20 jier mei.
    4. En doe wiene it der noch trije... yn de striid om it Moaiste fan Fryslân wurdt jûn yn Fryslân Hjoed bekend wa't dy trije binne.
    5. Al 25 jier binne der CliniClowns aktyf foar sike bern dy't yn it sikehûs lizze, se besykje se even ferjitte te litten dat se siik binne.

    De Gast fan de Dei is Esther Drijver fan it festival Explore the North. Yn oanrin nei dit festival wurdt der fan hjoed ôf ienrin yn de moanne in Taaltour troch Ljouwert organisearre: in twa oeren duorjende tocht mei gids troch de stêd dy't yn it ramt stiet fan in spesifyk taalfenomeen.

    De Meunsternimmer fan hjoed is Hendrikje Talsma. Wat falt har op yn de media? Der is in farske kollum fan Botte Jellema en ús ferslachjouwers binne wer de provinsje yn om de ferkiezingskoarts yn de weryndielingsgemeenten te peilen.

    Gast fan de Dei Esther Drijver

    • Gast fan de Dei Esther Drijver

    Meunsternimmer Hendrikje Talsma

    • Hendrikje Talsma

    De Toan fan Botte Jellema

    • De Toan fan Botte Jellema

    06:05 - Narada Michael Walden - Gimme Gimme Gimme
    06:15 - Anouk - Dominique
    06:23 - Zayn Ft. Sia - Dusk Till Dawn
    06:40 - Jelle B - Taxi
    06:53 - Wiz Stars - Brand New Day


    07:17 - Pink - What About Us
    07:47 - Riddim_X - Ik Tink Oan Dy


    08:14 - Ed Sheeran - Perfect
    08:42 - Marcel Smit - Leafde & Whisky
    08:49 - Baseballs - Umbrella
    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)