Fryslân fan 'e moarn fan 16 april 2015 06:00

    * Súdwest-Fryslân wol dat minister Kamp de opsje foar wynmûnen lâns de Ofslútdyk noch ris besjocht. Dit nei oanlieding fan nij ûndersyk
    * Provinsjale Steaten is frijwol unanym akkoart gien mei it plan om oan boeren dy't troch de mûzepleach yn jildproblemen driigje te kommen in liening te jaan
    * Harkemase Boys pleatst him foar heale finale KNVB-bekertoernoai

    * Follybalfruolju Snits tichtby de lânstitel
    * De jongerein hat it dizze wike foar it sizzen yn Fryslân. Sa'n 80 learlingen fan middelbere skoallen foarmje it provinsjaal bestjoer
    * Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert hat der in nij topstik by

    15 april is de offisjele befrijingsdei fan Fryslân, omdat Ljouwert doe befrijd is. Yn de buert fan Harns waard yn de dagen nei 15 april 1945 noch bot fochten. Dy stiid wie eksakt santich jier lyn en dêrom hat ferslachjouwer Bauke Deelstra yn Harns mei Jan Norg sprutsen.

    De heit fan Norg is oan de ein fan de oarloch troch de Dútsers oppakt en yn in konsintraasjekamp ophongen. Jan Norg is berne yn de oarloch en hat it boek 'Harlingen en de Tweede Wereldoorlog' skreaun. Yn Penjum waard sprutsen mei Reinder Huisman. Hy makke as jonge fan tolve jier mei dat syn doarp hielendal ferneatige waard yn it gefjocht tusken de Kanadezen en de Dútsers.

    Harkje nei it ferhaal fan Jan Norg yn Harns

    • Harkje nei it ferhaal fan Jan Norg yn Harns

    Reinder Huisman fan Penjum

    • Reinder Huisman fan Penjum

    Harkje nei de kollum fan Bart Kingma

    • Harkje nei de kollum fan Bart Kingma
    06:08 - Climie Fischer - Love Changes Everything
    06:15 - Glennis Grace & Edwin Evers - Wil Je Niet Nog 1 Nacht
    06:19 - Ed Sheeran - Thinking Out Loud
    06:26 - Soul Asylum - Runaway Train
    06:37 - Eddy Dykstra - Efkes Werom
    06:51 - Michael Buble - Haven't Met You Yet
    07:17 - Broken Brass Ensemble - Baby's Gone (Ft. Ruben Hein)
    07:49 - Tanita Tikaram - Good Tradition
    08:15 - Weima & Van Der Werf - Lytse Dingen
    08:24 - Proclaimers - Letter From America
    08:41 - Sheryl Crow - All I Wanna Do
    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)