Fryslân fan 'e moarn fan 15 febrewaris 2018 06:00

- It folsleine kolleezje fan Deputearre Steaten wie justerjûn op besite by de feemerk yn Ljouwert. Wêrom krekt? Dat hearst daliks.
- En de curlingsport wurdt hieltyd populêrder yn Fryslân. Sa wienen der justerjûn tweintich teams op it Iepen Nasjonaal Studintekampioenskip.
- Ald-premier en CDA-koryfee Ruud Lubbers is juster op 78-jierrige leeftyd ferstoarn. Wat hy betsjutte hat foar syn partij en foar Nederlân, hearst daliks fan Twadde Keamerlid Harry van der Molen.
- In groep Fryske cheerleaders komt dit wykein yn aksje by de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä.
- En wat moat der barre mei it fertutearze gebiet by it suvelfabryk yn Aldegea (Smellingerlân)? Ynwenners en de gemeente sieten dêroer justerjûn om tafel.

CDA-Twadde Keamerlid Harry van der Molen praat oer Ruud Lubbers

  • Van der Molen yn petear oer Lubbers

Hy wie de langsittende premier fan Nederlân, en by syn oantreden ek de jongste: Ruud Lubbers. De politikus ferstoar woansdei yn syn wenplak Rotterdam. Lubbers hie al wat langer sûnensproblemen. De CDA-koryfee wie fan 1982 oant 1994 premier fan Nederlân. Hy stie oan it roer fan trije kabinetten, mar wie yn de jierren santich ek al minister fan Ekonomyske Saken. Presintator Joline Dalstra, praat oer him mei Twadde Keamerlid Harry van der Molen fan it CDA.

Struiweinen de dyk op

  • Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat Sytse Smits en Gertjan ter Horst
  • Ferslachjouwer Gerrit de Boer live op de struiwein

In echte winter hawwe we miskien noch net hân dit jier, en dêrom lizze de sâltdepots by ús yn de provinsje noch oant de râne ta fol. De struiploegen binne dei en nacht ree om út te riden, en it beslút om wol of net de dyk op te gean wurdt faak midden yn de nacht naam, sadat de diken foar de spits al wer goed te beriden binne. Ferslachjouwer Gerrit de Boer is by de struiers yn Ljouwert, en praat dêr mei Sytse Smits en Gertjan ter Horst. 

06:10 - Alannah Myles - Black Velvet
06:19 - Nielson & Miss Montreal - Hoe
06:23 - Bastille - World Gone Mad
06:38 - Bert Heerink - It Is Net Wis
06:49 - Supertramp - Give A Little Bit
07:14 - Portugal The Man - Feel It Still
07:22 - Weeknd Ft. Daft Punk - I Feel It Coming
07:46 - Chris Rea - I Can Hear Your Heart Beat
07:51 - Nina Simone - My Baby Just Cares For Me
08:11 - Blof & Geike Arnaert - Zoutelande
08:19 - Echosmith - Cool Kids
08:39 - Sytse Haima - Al Springsto Heech
08:50 - Rembrandts - I'll Be There For You

Jacob Stelwagen

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
(advertinsje)