Fryslân fan 'e moarn fan 15 febrewaris 2016 06:00

    Acht frijwilligers krije moandeitemiddei yn wyksintrum De As op It Hearrenfean in sertifikaat útrikt foar har dielname oan it projekt 'Gezinsmaatjes'. Dat is in gearwurkingsprojekt fan de gemeente en it Frijwilligers Servicepunt fan Caleidoscoop. Yn fjouwer deidielen binne de frijwilligers traind yn hoe't sy húshâldens coache kinne dy't wol wat help brûke kinne, Bygelyks by it ûndernimmen fan aktiviteiten mei de bern of it fergrutsjen fan it sosjaal netwurk yn de wyk.

    Gezinsmaatjes is in pilotprojekt. De frijwilligers binne noch net oan famyljes ferbûn, mar dat sil ynkoarten al barre. Ien fan de frijwilligers is Ruben ter Haar. Hy sit tusken twa banen yn en socht dêrom in nuttige ynfolling fan de tiid dy't er no oer hat. Sels is er heit en dêrom fynt er it aardich om ek wat foar oare bern te betsjutten. Janneke de Jong is koördinator fan it projekt en hat tegearre mei in oare frou de kursus sels opset. Ek hat se de training jûn.

    Janneke de Jong, koördinator fan it projekt 'Gezinsmaatjes'

    • Janneke de Jong, koördinator fan it projekt 'Gezinsmaatjes'

    Ferslachjouwer Joline Dalstra praat mei frijwilliger Ruben ter Haar

    • Ferslachjouwer Joline Dalstra praat mei frijwilliger Ruben ter Haar

    De Meunsternimmer - Albert van Keimpema

    • De Meunsternimmer - Albert van Keimpema

    De Gast fan de dei - Christa van Diepen van GGD Fryslân

    • De Gast fan de dei - Christa van Diepen van GGD Fryslân

    De Toan fan Nynke van der Zee

    • De Toan fan Nynke van der Zee

    06:09 - Sting - Love Is The Seventh Wave
    06:16 - Marco Borsato - Binnen
    06:21 - Justin Bieber - Love Yourself
    06:37 - Ace Of Base - All That She Wants
    06:49 - Grytz & Grize (Ft. Alisa) - Samar Wie't Oer


    07:19 - Meghan Trainor & John Legend - Like I'm Gonna Lose You
    07:44 - Twarres - De Juste Snaar


    08:14 - Hessel - Gloeiend Hout
    08:44 - Zara Larsson - Lush Life

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)