Fryslân fan 'e moarn fan 14 febrewaris 2018 06:00

    * Boeren krije ekstra provinsjejild foar wiete greiden

    * Stúdzjefûns moat mear Fryske universitêre studinten lûke

    * De doarpen op de rûte fan busline 51 binne lilk, dat de bus dêr yn de takomst mooglik net mear stoppet

    * Fryske leararen yn it basisûnderwiis lizze hjoed it wurk del

    * Steatsboskbehear set fûgelakademy op by Lauwersmar

    Valentijnsdei op Omrop Fryslân: trouwe foar ien dei!

    • Ferslachjouwer Bauke Deelstra is moarns betiid by it 'Omrop echtpear'
    • It breidspear makket har klear, brêgeman Gjalt Dijkstra past syn pak

    It is 14 febrewaris: Valentijnsdei. En by Omrop Fryslân hawwe wy dit jier in hiele bysûndere aksje: Trouwe foar ien dei, kompleet mei troujurk en troupak, prachtige troufoto's, ringen, in fideoferslach en in romantysk diner. En it belangrykste: de spesjale trousearemoanje, fan 'e middei, live op de radio, yn de Middei fan Fryslân. Want dêr is de aksje ek ûntstien, by Femke de Walle en har rjochterhân Margaretha Bijleveld. Juster is dêr ek it winnende pear bekendmakke. Dat binne Marjolijn Zylstra en Gjalt Dykstra út Snits. En sa't dat dan heart op in echte troudei, begjinne de tariedingen al betiid en fan 'e moarn folgje wy dat hjir op de radio. Ferslachjouwer Bauke Deelstra (sels ek yn pak) is by it passen fan de trouklean, de visagie en de kapper. 

    06:08 - Ilse Delange - I'd Be Yours
    06:13 - Lange Frans & The Lau - Zing Voor Me
    06:17 - Charlie Puth - How Long
    06:25 - Buggles - Video Killed The Radio Star
    06:35 - Marit - Libbenstier
    06:47 - Years & Years - King
    07:14 - Ed Sheeran & Beyonce - Perfect Duet
    07:23 - Sipke De Boer - Njonken Dy
    07:43 - Ronde - Why Do You Care
    07:52 - Red Box - For America


    08:08 - Imagine Dragons - Whatever It Takes
    08:24 - Train - Hey Soul Sister
    08:40 - Wiebe - Sjoch It Ljocht
    08:48 - Meja - All 'bout The Money

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)