Fryslân fan 'e moarn fan 14 febrewaris 2017 06:00

    * Fryske jagers kinne 40 euro de foks krije as se meidogge oan in ûndersyk nei ynfeksjesykten
    * In grutte proef moat fan 't maitiid dúdlik meitsje oft moksels helpe kinne by it behâld fan it lytse Waadeilân Gryn
    * De stim fan Gideon Anjema fan Holwert
    * De skries moat it wer gesellich krije yn de Greidhoeke. In nij skoalleprojekt wurket dêr hurd oan
    * Widdo Harnzer slachtoffer sinleas geweld pleitet yn Den Haag foar hegere straffen

    Gast fan de dei Vera Kok

    • Gast fan de dei Vera Kok

    Der moatte hegere straffen komme foar minsken dy't foar sinleaze geweldsdelikten feroardiele wurde. Dat fynt Vera Kok fan Kimswert. Se is de widdo fan Piet Lichtendahl, de man dy't oardel jier lyn om it libben kaam neidat er yn in kafee yn Harns fan syn barkruk ôfslein wie. Ien klap wie fataal. Dat gebeurde yn it wykein fan de Fiskerijdagen, en de besikers fan dat evenemint ha dêr mei tûzenen tagelyk by stilstien.

    Meunsternimmer Tieneke Clevering

    • Meunsternimmer Tieneke Clevering

    Joline Dalstra yn in blommesaak yn Snits

    • Joline Dalstra yn in blommesaak yn Snits

    It is hjoed 14 febrewaris, Valentijnsdei, de dei fan de leafde. By in protte blommesaken ha se it hjoed drokker as op in gewoane wurkdei. Joline Dalstra is by sa'n blommesaak yn Snits.

    De Toan fan Willem Schoorstra

    • De Toan fan Willem Schoorstra

    Joline Dalstra is yn Frittemahof

    • Joline Dalstra is yn Frittemahof

    06:08 - Weather Girls - It's Raining Men
    06:18 - Veldhuis & Kemper - Ik Wou Dat Ik Jou Was
    06:23 - Gavin James - Nervous (The Ooh Song)
    06:37 - Gaatze - De Leste Dei
    06:50 - Lukas Graham - 7 Years


    07:15 - John Legend - Love Me Now
    07:25 - Xander De Buisonje - Hald My Fest (Music Night 2007)
    07:43 - Pointer Sisters - Automatic
    07:52 - Yvonne Elliman - If I Can't Have You
    08:11 - Niall Horan - This Town
    08:23 - Sara Bareilles - Love Song
    08:43 - Wiebe - Sjoch It Ljocht
    08:53 - Meghan Trainor - All About That Bass

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)