Fryslân fan 'e moarn fan 14 desimber 2017 06:00

    - Provinsjale Steaten wurde it noch net iens oer de takomst fan de kulturele sektor yn Fryslân.
    - De fersliten tsjerkeklok fan Berltsum moast twa moannen nei Dútslân foar restauraasje, mar pronket no wer boppeyn de toer.
    - Sportklup Hearrenfean hat yn Rotterdam in punt pakt tsjin Feyenoord. Yn De Kuip waard it 1-1
    - It grutste part fan de ynwenners fan Snits en Wytmarsum kin goed libje mei in asylsikerssintrum yn har omjouwing.
    - Lânbou-organisaasje LTO daget de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit fanwege sleauwichheid by de fipronilkrisis.
    - In bysûndere útfining tsjin de fûgelgryp. Plomfeehâlder Hans Hazenberg út Abbegea wûn mei syn idee in lanlike ynnovaasjepriis.

    Dronewedstriid moat bern technyk bybringe

    Drones kinne bern fan de basisskoalle in protte leare oer technyk, en de bern binne dêr tige entûsjast oer. Dat seit skoalmaster Lieuwe Sybesma. Hy jout sokke drone-lessen op basisskoalle It Haskerfjild op de Jouwer, oan bern út groep fiif en seis, en hjoed dogge dy bern mei oan in wier drone-flean-kampioenskip. It is foar it earst dat der sa'n kampioenskip organisearre wurdt. 

    Meunsternimmer Hendrikje Talsje oer de kloof tusken HBO- en MBO-opliedingen

    Meunsternimmer Hendrikje Talsma praat mei presintator Joline Dalstra oer it ûnderwiis en de obsesje om bern mar yn it heger ûnderwiis te krijen, wylst it wurk foar MBO-learlingen foar it oppakken leit. 

    Ferslachjouwer Bauke Deelstra yn Menameradiel

    It ôftellen kin begjinne: noch minder as trije wiken en dan is it definityf foarby foar Menameradiel, Frjentsjerteradiel, Ljouwerteradiel, Littenseradiel, en It Bildt. Dy gemeenten binne te lyts om selsstannich fierder te gean, en ferdwine. Per ien jannewaris geane se op yn Ljouwert, Súdwest Fryslân en Waadhoeke. Yn Fryslân Fannemoarn binne we dizze wike alle dagen yn ien fan dy fiif ferdwinende gemeenten. Hjoed is ferslachjouwer Bauke Deelstra yn Menameradiel.
     

    06:10 - Gladys Knight - License To Kill
    06:17 - Kylie Minogue - Santa Baby
    06:21 - Portugal The Man - Feel It Still
    06:36 - Daniel Kolk - Fyts
    06:48 - Anita Ward - Ring My Bell


    07:16 - Pink - What About Us
    07:47 - Elske Dewall - Last Christmas One Last Time


    08:14 - Wulf - Mind Made Up
    08:38 - Agnes Sambrink - Muzyk
    08:47 - Keane - Crystal Ball

    Fryslân fan 'e moarn

    Nijs, sport, waar en muzyk binne alle wurkdagen de wichtichste yngrediïnten fan Fryslân fan 'e moarn.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen & Jantine Weidenaar
    (Advertinsje)