Fryslân fan 'e moarn fan 13 septimber 2017 06:00

    -Meardere kroegen yn it sintrum fan Wolvegea binne ûntromme fanwege in grutte brân yn it âlde gemeentehûs. En ek yn Aldegea Smellingerlân wie in grutte brân. Dêr is in wenhûs folslein yn flammen op gien.
    - It KNMI hat koade oranje ôfkundige. Fryslân makket him op foar in stoarm sa't we dy yn jierren net sjoen ha, mei wynstjitten fan orkaankrêft.

    - Yn Snits doarden se der net mear op te hoopjen, mar it fuotbalfjild fan ONS is op it lêste momint dochs troch de keuring kaam. En dus kin Snits nije wike FC Twente ûntfange yn de striid om de beker.
    - Alde taksysjauffeurs yn it Noardeasten fan Fryslân driigje harren baan te ferlizen. Yn in ekstra riedsgearkomste hat de gemeente Dantumadiel besletten dat se dêr wat oan dwaan wolle.

    - In ynternasjonale kampanje moat 2000 ekstra banen opsmite yn it Noarden fan Nederlân. Fryslân sil dêrfoar gearwurkje mei Grinslân en Drinte.

    Gast fan de dei Siebren Siebenga

    • Wethâlder Siebren Siebenga

    Foar de ûntwikkeling fan it Klaverblêd Noardeast by It Hearrenfean is woansdei de earste fan trije ynteraktive byienkomsten. Sinnetafel hjit dat.

    Meunsternimmer Henk van der Veer

    • Meunsternimmer Henk van der Veer

    Ferslachjouwer Bauke Deelstra is by ferfierder Arriva

    • Ferslachjouwer Bauke Deelstra is by ferfierder Arriva

    Septimber is, tegearre mei jannewaris, de drokste moanne as it giet om it iepenbier ferfier. Bussen en treinen sitte grôtfol. Werom der krekt yn dy beide moannen sa'n grut oanbod fan reizgers is, en wat in ferfiersorganisaasje as Arriva der oan docht, dêr besiket ferslachjouwer Bauke Deelstra fan 'e moarn achter te kommen.

    De Toan fan Ferdinand de Jong

    • De Toan fan Ferdinand de Jong

    Ferslachjouwer Bauke Deelstra by ferfierder Arriva, diel 2

    • Ferslachjouwer Bauke Deelstra is by ferfierder Arriva, diel 2

    06:09 - Starship - We Built This City
    06:19 - Toontje Lager - Zoveel Te Doen
    06:25 - Chainsmokers & Coldplay - Something Just Like This
    06:42 - Die Twa - Ferline Hjoed As Letter


    07:15 - Riddim_X - Ik Tink Oan Dy
    07:26 - Bangles - Manic Monday
    07:50 - Luis Fonsi Ft. Daddy Yankee - Despacito


    08:17 - Jonas Blue - Mama
    08:44 - Aretha Franklin - Think
    08:50 - Bastille - Good Grief
    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)