* Jongerein Drachten net te sprekken oer sluting twa diskoteken;
* Foar omwenners fan de nije N31 by Harns sil it twa jier lang trochbiten wêze. Tongersdei wie de ôftraap fan de oanlis fan it nije stik dyk;
* In groep Fryske ûndernimmers wol ynvestearders oanlûke om te ynvestearjen yn lânbougrûn yn Roemenië;
* Sint Michaëlskoalle yn Harns kin wer nei de takomst sjen;
* Achtkarspelen krijt in greide fol mei sinnepanielen;
* Bringt freed de 13e echt ûngelok?
* De krimp yn Fryslân set de kommende jierren troch. Mei Skylge en Skiermûntseach as útsjitters.
De Meunsternimmer is Siebe Annema. Hy hat it oer de hagelnije iisbaan yn Ljouwert.
De kollum is fan Nynke Sietsma.
Sneon komt Sinteklaas oan yn Fryslân. Ferslachjouwer Joline Dalstra ûndersiket oft de swarte pite-diskusje ynfloed hat op de ferhier fan Sinteklaas- en swarte pite-kostúms. Se giet del by twa ferhierbedriuwen yn Fryslân en praat mei de eigeners oer de ferhier fan de kostúms.