Fryslân fan 'e moarn fan 13 desimber 2017 06:00

* Der binne soargen oer de finansjele posysje fan de gemeente Ljouwert. De gemeente komt ûnder repressyf tafersjoch fan de provinsje.

* Nei tsientallen jierren fan ynspanning is it lang om let safier: der komt in nij fytspaad tusken Haskerdiken en Nijbrêge en It Hearrenfean.

* De provinsje Fryslân wurket net mear mei oan de salarisregeling fan de SP.

* Sportklup Hearrenfean makket him op foar de wedstriid fan jûn tsjin Feyenoord. In mentale kwestje, fynt ferdigener Daniel Hoegh.

* De Fryske ekonomy is ferline jier groeid en ús provinsje docht wer mei yn Nederlân.

* Ritsumasyl krijt in 66 meter lange biologyske fytsbrêge fan flaaks.

Gast fan de dei Rein de Valk

  • Gast fan de dei Rein de Valk

Nei jierren fan krisis liket de wenningmerk no op 'e rin te gean, wylst it foar starters hast ûnmooglik is om foar in fatsoenlike priis in wenning te keapjen. It systeem rint fêst, en ynnovaasje moat in oplossing biede. Mei dy ynstek wurdt woansdeitejûn yn Drachten in diskusje holden. Ien fan de minsken dy't it wurd fiere sil, is arsjitekt Rein de Valk út Drachten.

Meunsternimmer Henk van der Veer

  • Meunsternimmer Henk van der Veer

Ferslachjouwer Bauke Deelstra is yn Wommels yn de gemeente Littenseradiel

  • Ferslachjouwer Bauke Deelstra yn Wommels

Noch mar in pear dagen, en dan geande de doarren definityf op slot by it gemeentehûs fan Littenseradiel. De gemeente hâldt op te bestean, krekt as fjouwer oare gemeenten yn de provinsje. Littenseradiel, Frjentsjerteradiel, Menameradiel, Ljouwerteradiel en It Bilt geane per ien jannewaris op yn Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. Dizze hiele wike binne we yn Fryslân fan 'e moarn alle dagen yn ien fan dy fiif ferdwinende gemeenten. Ferslachjouwer Bauke Deelstra is hjoed yn Littenseradiel, op it gemeentehûs yn Wommels.

De Toan fan Eelke Lok

  • De Toan fan Eelke Lok

Ferslachjouwer Bauke Deelstra is yn Wommels yn de gemeente Littenseradiel, diel 2

  • Bauke Deelstra yn Wommels, diel 2

06:11 - Stevie Wonder & 98 Degrees - True To Your Heart
06:19 - Jeroen Van Der Boom - Een Wereld
06:26 - Imagine Dragons - Whatever It Takes
06:38 - Anneke Douma & Piter Wilkens - Under De Krystbeam
06:50 - Anne-Marie - Ciao Adios


07:18 - Maroon 5 Ft. Sza - What Lovers Do
07:43 - Mariah Carey - All I Want For Christmas Is You
07:50 - Weeknd - Can't Feel My Face


08:12 - Script - Rain
08:24 - Leaf - Wonderwoman
08:39 - De Kast - Wiest Mar Thus Mei 't Krystfeest
08:48 - Kym Sims - Too Blind To See It
Jacob Stelwagen

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
(advertinsje)