Fryslân fan 'e moarn fan 12 maart 2018 06:00

- Reedrider Sven Kramer einiget bûten it poadium op it WK allround, en is syn wrâldtitel kwyt.
- De Fryske Akademy siket help fan Friezen by in grut ûndersyk nei taalferoaringen.
- Soarchlokaasje De Hale yn Damwâld ferdwynt.
- Sportklup Hearrenfean rom ûnderút tsjin in better fuotbaljend Ajax.
- It is de lanlike Wike fan de Soarch en Omrop Fryslân stiet dêr wiidweidich by stil.
- En in oersjoch fan de sport fan dit wykein.

De soarch stiet ûnder druk. De sektor hat te krijen mei in min imago, der is flink besunige en der binne hieltyd mear fakatueres dy't net ferfolle wurde kinne. Omrop Fryslân jout dêr yn dizze lanlike Wike fan de Soarch rom omtinken oan. Ferslachjouwer Miranda Werkman seach by ferskate soarchynstellingen en hat dêr in rige fan makke. Yn Fryslân Hjoed binne dizze hiele wike har reportaazjes te sjen.

De kollum is fan 'e moarn fan Nynke van der Zee.

En ferslachjouwer Bauke Deelstra is op 'en paad yn de gemeente De Fryske Marren om dêr de stimming te peilen foar de ferkiezingen fan 21 maart.

De Toan fan Nynke van der Zee

  • De Toan fan Nynke van der Zee

Miranda Werkman oer de Wike fan de Soarch

  • Miranda Werkman oer de Wike fan de Soarch

Ferslachjouwer Bauke Deelstra sjocht foarút op de ferkiezingen yn De Fryske Marren 1

  • Ferslachjouwer Bauke Deelstra sjocht foarút op de ferkiezingen yn De Fryske Marren 1

Ferslachjouwer Bauke Deelstra sjocht foarút op de ferkiezingen yn De Fryske Marren 2

  • Ferslachjouwer Bauke Deelstra sjocht foarút op de ferkiezingen yn De Fryske Marren 2

06:04 - Queen - I Want To Break Free
06:10 - Abel - Onderweg
06:17 - Clean Bandit Ft. Julia Michaels - Miss You
06:21 - Nina Simone - My Baby Just Cares For Me
06:35 - Andries De Vries - Ik Flean
06:46 - Supertramp - Breakfast In America
06:54 - Charlie Puth - How Long


07:14 - Ed Sheeran - Perfect
07:23 - Maroon 5 Ft. Sza - What Lovers Do
07:42 - Van Wieren - Dunsje
07:47 - Corrs - Breathless


08:09 - Blof & Geike Arnaert - Zoutelande
08:16 - George Ezra - Budapest
08:25 - Linda Ronstadt - It's So Easy
08:37 - Marcel Smit - Leafde & Whisky
08:46 - Traveling Wilburys - Handle With Care
Jacob Stelwagen

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
(advertinsje)