Fryslân fan 'e moarn fan 12 desimber 2017 06:00

    * Sjippeglêde diken en snie-oerlêst. Us provinsje hat te krijen mei bar winterwaar. Hoe is de situaasje op de diken no?

    * De VVD yn Ljouwert is teloarsteld dat it net meidwaan mei oan it kolleezje yn de gemeente

    * It algemien kiesrjocht bestiet hjoed eksakt 100 jier en wat docht bliken: in Fries spile in belangrike rol by de ynfiering dêrfan

    * Leararen stake hjoed yn Fryslân tsjin de hege wurkdruk en it lege salaris yn it basisûnderwiis

    * En, it winsterske waar makke juster in soad reaksjes los by minsken op strjitte

    Gast fan de dei Janet Veld

    Tsientûzenen learkrêften lizze hjoed it wurk del út protest tsjin de hege wurkdruk en it lege salaris yn it basisûnderwiis. Dat betsjut dat der hiel wat bern binne dy't hjoed net nei skoalle ta kinne. Yn oktober ha de learkrêften ek al in stakingsdei holden. Doe wie der in grutte manifestaasje yn Den Haach. Dy is der hjoed net, mar der binne wol lytsere byienkomsten foar de stakende ûnderwizers. Net elkenien giet dêr hinne. It personiel fan de Trije Doarpen Skoalle yn Reduzum bygelyks giet nei in fersoargingshûs yn Grou

    Meunsternimmer Jeanet de Jong

    Ferlachjouwer Timo Jepkema is yn Ljouwerteradiel

    Noch in pear wike en dan is it definityf foarby foar Frjentsjerteradiel, Menameradiel, Ljouwerteradiel, Littenseradiel, en It Bilt. Dy gemeenten binne te lyts om selsstannich fierder te gean, en ferdwine. Per ien jannewaris geane se op yn Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. Yn Fryslân fan 'e moarn binne we dizze wike alle dagen yn ien fan dy fiif ferdwinende gemeenten. Hjoed is ferslachjouwer Timo Jepkema yn Ljouwerteradiel.

    Ferlachjouwer Timo Jepkema is yn Ljouwerteradiel, diel 2

    De Toan fan Willem Schoorstra

    06:12 - Ub40 - Higher Ground
    06:18 - Estelle (Ft. Kanye West) - American Boy
    06:26 - Zayn Ft. Sia - Dusk Till Dawn
    06:39 - Above Eleven - Live Free
    06:48 - Kenny Rogers & Dolly Parton - Christmas Without You


    07:14 - Xavier Rudd - Follow The Sun
    07:25 - Atomic Kitten - Whole Again
    07:46 - Equal Souls - Mei Kryst


    08:13 - Niall Horan - Too Much To Ask
    08:39 - Band Aid - Do They Know It's Christmas
    08:46 - Salt 'n' Peppa - You Showed Me
    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)