Fryslân fan 'e moarn fan 12 april 2018 06:00

- De gemeente Ljouwert wol foarearst gjin milimeter bûgje foar de bouwers fan it nije Cambuurstadion. De bou leit noch hieltyd stil.
- In man út Kollumersweach rydt de hiele provinsje troch, om de poep fan bekende Friezen te garjen. Dat is better as keunstdong, seit er.
- Yn de kassen Seisbierrum binne al wikenlang akteurs oan it oefenjen foar in teäterstik, en de temperatueren kinne dêr behoarlik oprinne.
- De Fryske GGZ hat in nije metoade betocht om it tekoart oan psychiaters op te lossen
- De direkteur fan Kulturele Haadstêd makket him soargen oer de saneamde "legacy" fan nei 2018.
- Je meie dan oeral hearre dat de ekonomyske krisis al lang foarby is, dat wol noch net sizze dat dat ek kloppet, seit in ûndernimmer yn Wâlterswâld.

De Toan fan Botte Jellema

  • De Toan fan Botte Jellema

Kollumnist Botte Jellema skriuwt oer de mocro-oarloch en de lyntsjes en piltsjes dy't hieltyd gewoaner wurde yn it stapperslibben. 

Ferslachjouwer Bauke Deelstra op rydles by de jongste ynstrukteur fan Nederlân

  • Bauke Deelstra krijt live rijles fan Bianca de Bruin
  • Bauke Deelstra praat mei de famylje De Bruin

De jongste rydynstrukteur fan Nederlân wennet yn Surhústerfean. Bianca de Bruin is njoggentjin jier, en krekt as har heit Geert jout se rydlessen. Tiisdei ha se in nije lesauto krigen, mei dûbbele betsjinning. Ferslachjouwer Bauke Deelstra siket har op, en sil sjen oft hy neffens de jonge rydinstrukteur in bytsje goed ride kin. 

06:08 - Frank Boeijen Groep - Zwart Wit
06:15 - Jennifer Lopez - If You Had My Love
06:19 - Fais - Know You Better
06:26 - Grytz & Grize - Sei Age
06:36 - Real Thing - You To Me Are Everything
06:48 - Janieck - Feel The Love


07:16 - Justin Timberlake Ft. Chris Stap - Say Something
07:25 - Sake - Broken
07:45 - Rihanna Ft. Kanye West & Paul Mccartney - Four Five Seconds
07:52 - Toad The Wet Sprocket - Walk On The Ocean


08:13 - Modjo - Lady
08:37 - Sugar Lee Hooper - De Wandelclub
08:45 - Belle Stars - Sign Of The Times
08:50 - Sytse Haima - Al Springsto Heech

Jacob Stelwagen

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
(advertinsje)