Fryslân fan 'e moarn fan 10 oktober 2017 06:00

    - De gemeente Ljouwert soe graach meidwaan oan in proef mei legale wytteelt. Boargemaster Ferd Crone sjocht sa'n proef yn syn gemeente wol sitten.

    - De Fryske brânwacht docht takom jier ûndersyk nei it gebrek oan bluswetter yn bûtengebieten, en siket nei in oplossing.

    - Fryslân sil dúdlike slaggen meitsje moatte as it giet om duorsume enerzjy. Dat seit âld-minister Pieter Winsemius (yn it Polytburo by Omrop Fryslân).

    - Ynwenners fan Wâlterswâld kinne tenei toffelje oer in nagelnij kuierpaad.

    - It personiel fan keunststofbedriuw GrainPlastics yn Ljouwert sil foarearst gjin aksje fiere.

    Gast fan de dei Rieks Osinga

    • Bestjoerskundige Rieks Osinga

    Mear as 200 dagen hat it duorre, mar de regearingspartijen binne derút. Tiisdei presintearje se it regearakkoart foar de kommende fjouwer jier. De koälysje fan VVD, CDA, D66 en ChristenUnie hat mei 76 sitten in hiele krappe mearderheid yn de Twadde Keamer, en dêrom is it belangryk dat alle leden fan de regearingsfraksjes der mei ynstimme. Bestjoerskundige Rieks Osinga fan de Thorbecke-akademy yn Ljouwert hat de formaasje mei belangstelling folge.

    Ferslachjouwer Bauke Deelstra is by boer Reuvekamp yn Sonnegea

    • Ferslachjouwer Bauke Deelstra is yn Sonnegea

    Duorsumens en griene enerzjy wurdt ek yn de argraryske sektor hieltyd belangriker. Dat sizze boeren hjoed op de lanlike dei fan de duorsumens.

    De Toan fan Willem Schoorstra

    • De Toan fan Willem Schoorstra

    Ferslachjouwer Bauke Delstra is by Gertrud van Leeuwen yn Sonnegea

    • Ferslachjouwer Bauke Delstra is by Gertrud van Leeuwen yn Sonnegea
    06:09 - Ace Of Base - All That She Wants
    06:16 - Christian Walz - Wonderchild
    06:20 - Justin Bieber & Bloodpop - Friends
    06:25 - Jackie Wilson - Reet Petite
    06:38 - Jelle B - Taxi
    06:49 - Randy Crawford & The Crusaders - Streetlife
    06:53 - Calvin Harris Ft. Frank Ocean - Slide
    07:15 - Script - Rain
    07:24 - Rowwen Heze Mei Nynke Laverman - Droemvlucht (Single Fersy)
    07:39 - Ellie Goulding - Love Me Like You Do
    07:48 - King - Love And Pride
    08:10 - Armin Van Buuren - Sunny Days
    08:23 - Robbie Williams - Tripping
    08:38 - Marcel Smit - Leafde & Whisky
    08:44 - Janet Jackson - Whoops Now
    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)