Fryslân fan 'e moarn fan 10 maart 2016 06:00

    * Opskuor op Skylge: de brankaar fan de ambulânse past net yn de helikopter.
    * Omwenners fine nije plannen foar de dyk troch De Lemmer net feilich genôch.
    * It permanint mjitten fan it lûd fan de fleanbasis Ljouwert is goed te dwaan, dat blykt út partikulier ûndersyk.

    * De nije eigener fan Soarchsintrum Nij Bethanië yn Tsjummearum sjocht kânsen foar in trochstart.
    * Op 'e nij in ynsidint yn de Nachtegaalstrjitte yn Drachten, bewenners ha net thús sliept.
    * It Europeesk Parlemint yn Straatsburg bûcht him fan 'e moarn oer it Frysk en it Biltsk.

    * Garnale-ôffal kin soargje foar in revolúsje yn de lânbou.
    * Sifers fan it CBS oer de flinterstân yn Nederlân.
    * De aksjes fan de kristlike basisskoallen tsjin de nije flekswet dogge fertuten.

    De gast fan de dei is Froukje de Jong-Krap Sy is hjoed by it Europeesk Parlemint yn Straatsburg. In Fryske delegaasje fan it Europeesk Buro fan Lytse Talen EBLT yn de persoanen Onno Falkena en Froukje de Jong-Krap binne hjoed yn Straatstburg om dêr de Intergroup Minorities yn it Europeesk Parlemint ta te sprekken. Moarns is earst de minderheidstaal fan Cornwall oan bar, it Cornish, mar dêrnei it it wurd foar Froukje de Jong as foarsitter fan it EBLT.

    De kollum is fan Ferdinand de Jong en de meunsternimmer op dizze tongersdei is Botte Jellema.

    De betide ferslachjouwer ferdjippet him yn it libben fan flinters.

    Froukje de Jong-Krap fan it EBLT

    • Froukje de Jong-Krap fan it EBLT

    Meunsternimmer Botte Jellema

    • Meunsternimmer Botte Jellema

    06:08 - Alison Moyet - Is This Love
    06:15 - Kadanz - De Wind
    06:19 - Coldplay - Adventure Of A Lifetime
    06:27 - Simply Red - Fake
    06:36 - Fools Garden - Lemon Tree
    06:48 - Wiebe Kaspers - Nei Sa'n Dei
    06:57 - Stranglers - Golden Brown


    07:21 - Lukas Graham - 7 Years
    07:45 - Marcel Smit - Omstekeard
    08:14 - Douwe Bob - Slow Down
    08:40 - Hessel - Gloeiend Hout

    Jacob Stelwagen

    Fryslân fan 'e moarn

    Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
    Presintaasje: 
    Jacob Stelwagen
    (advertinsje)