Fryslân fan 'e moarn fan 10 desimber 2015 06:00

* De amtlike fúzje fan fjouwer gemeenten yn Noardeast-Fryslân is mei in jier útsteld. Der binne noch te folle ûnwissichheden.
* De nije flekswet is desastreus foar de hoareka op de Waadeilannen. Dat sizze de fiif boargemasters fan de Waadgemeenten.
* De earste flechtlingen binne út it WTC. Der wurdt hurd wurke om de folgjende needopfang op tiid klear te krijen.
* Reedrider Bob de Vries fan De Haule wint de alderearste maraton yn de nije Ljouwerter iishal.
* De spoaroergong by Thialf (It Hearrenfean) moat oanpast wurde, want oars kin der net fjouwer kear yn de oere in trein fan Ljouwert nei Swolle.

Ferslachjouwer Timo Jepkema dûkt yn Seisbierrum yn de wrâld fan de krystpakketten. Krystpakkettebedriuwen hawwe it fansels no smoar drok sa flak foar de krystdagen. By Homminga Kerstpakketten binne se dwaande mei sa'n 6000 oant 10.000 pakketten dy't de doar út moatte. Takom wike is de lêste wike foar de krystfakânsje en dan wurde de measte pakketten útdield. Der wurdt in soad persoaniel ynsetten om al it wurk op tiid klear te krijen.

De gast fan de dei is Ulco de Jong, hy hat mei syn húsbier foar Paddy O'Ryan in lanlike priis wûn.

De meunsternimmer is Karin Sitalsing en de kollum komt op tongersdei fan Ferdinand de Jong.

Meunsternimmer Karin Sitalsing

06:08 - Aretha Eurithmics, Franklin - Sisters Are Doing It For Themselves
06:14 - Frank Boeijen Groep - 1.000.000 Sterren
06:19 - Lost Frequencies (Ft. Janieck Devy) - Reality
06:25 - Jack Bottleneck Kroes & De Fryslan Allstars, Iris - Genoch (Voedselbank Liet)
06:49 - Willie Nelson & Merle Haggard - Don't Think Twice, It's Alright


07:18 - Donna Summer - Bad Girls
07:44 - Zara Larsson - Lush Life


08:13 - Echosmith - Cool Kids
08:39 - R. City (Ft. Adam Levine) - Locked Away
08:46 - Giovanca - On My Way (Christmas Time)

Diel dit berjocht op:

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 6.00 oant 9.00 oere.
(advertinsje)