Fryslân fan 'e moarn fan 1 oktober 2015 06:00

* Stelselmjittige mishannelings Prader Willi Hûs Mûnein, sizze minsken dy't dêr wurke ha
* Fred Veenstra nije boargemaster gemeente De Fryske Marren
* Alle flechtlingen op nije lokaasjes
* Undernimmers Easterwâlde bliid mei ekstra ferdûbeling N381
* Yn Snits mei 150 man ite oan......ien tafel

Gast fan de Dei - Clasien van der Houwen

Hast 30 persint fan alle froulju dy't smoke en yn ferwachting reitsje, slagget it net om dizze perioade mei dizze ferslaving te stopjen. Ek al witte se dat roken skealik foar de ûntwikkeling fan har bern wêze sil. It grutse part yn dizze kategory (leafst 20 persint) bestiet út froulju mei in lege oplieding. Yn fergeliking mei it ôfrûne jier wurdt dizze groep ek net lytser. By froulju mei in hege oplieding gie it tal smokers dy't swier binne wol in bytsje achterút.

Clasien van der Houwen is gynekolooch yn sikenhûs Tjongerskâns op It Hearrenfean. Yn har praktyk foel har op dat in soad fan har kliïnten alle folders mei foarljochtingsmateriaal oer de skealike effekten fan smoke hast net lêze. It die har bliken dat in soad froulju de teksten te dreech fine om te begripen. Van der Houwen hat doe mei stipe fan De Friesland en de Vereniging van Gynaecologen jild bymekoar sammele foar it meitsjen fan in foarljochtingsfilmke, yn de hoop dat in fisuele warskôging better troch de froulju oppikt wurde sil. De film wurdt dizze wike offisjeel presinteard.

De Toan fan Bart Kingma

06:15 - Nik Kershaw - I Won't Let The Sun Go Down On Me
06:21 - Bruce Springsteen - Streets Of Philadelphia
06:27 - Jaap Louwes - Famke
06:36 - Buggles - Video Killed The Radio Star
06:47 - Vanessa Carlton - A Thousand Miles
06:56 - Romeo - Coming Home


07:47 - Beand & Skep - Moai Waar


08:20 - Shelby Lynne - Why Didn't You Call Me
08:43 - Cars - Drive

Share this page on:

Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen
(advertinsje)