* Der binne hieltyd minder jongeren yn Fryslân, en de ferwachting is dat dy tendins him yn de takomst trochset.
* Der moatte maatregels naam wurde om de fytsbrêge oer de Noarderhegewei yn Drachten yn de loft te hâlden.
* LTO-Noord ropt boeren op om út te sjen nei mûzen; op guon plakken binne it no mear as oars.
* VC Snits ferliest yn de beker fan Eurosped en kin de titel dus net ferdigenje.
* Kuorbalklup LDODK moat de sponsor wijnvoordeel.nl fan it shirt helje, seit de Reclame Code Commissie.
* In parkearfûns foar ûndernimmers opsette. Ferskate partijen yn De Fryske Marren tsjinnen dêrfoar in moasje yn.
De Gast fan de Dei is Roelof de Jong. Yn de bakkerij fan syn heit en him wurdt hjoed bôle bakt foar in goed doel. In diel fan de opbringst giet nammentlik nei de stifting Stop Hersentumoren.
De kollum is fan Botte Jellema. En ferslachjouwer Jeroen Boersma is fan 'e moarn by de tsjerke fan Skearnegoutum. As der dit jier net genôch jild op it kleed komt foar de restauraasje, giet de spits fan de toer der ôf, seit er. Dan komt der in plat dak. Der moat in ton komme, se ha no 25.000 euro.