Fryslân DOK: Portret fan boer en Europarlemintariër Jan Huitema

Gjin subsydzje, mar ynnovaasje! Portret fan boer en Europarlemintariër Jan Huitema.

Troch de wike fergaderet hy yn Brussel en Straatsburch, mar yn it wykein melkt hy syn kij yn it Fryske Makkingea. De jonge Europarlemintariër Jan Huitema fan de VVD makket him yn it Europeesk Parlemint sterk foar in nije lânboupolityk, mei minder subsydzjes en minder regels.

Huitema pleitet foar ‘smart farming’, of om it yn it Frysk te sizzen: tûk buorkje. Presyzje-lânbou mei help fan drones, digitale kaarten en sensoaren moat de lânbou duorsumer én rendabeler meitsje. It eigen famyljebedriuw en de Dairy Campus by Ljouwert binne dêrby wichtige boarnen fan ynspiraasje foar Huitema.

Mar de tsjinkrêften binne foars want net elkenien dielt Huitema syn fyzje. Lânbou-fernijers hawwe lêst fan Europeeske en nasjonale regels dy’t ynnovaasje blokkearje. Yn septimber demonstrearren tûzenen lilke boeren yn Brussel út protest tsjin de lege prizen foar harren produkten. De boeren easkje finansjele stipe fan de Europeeske kommisje en oefenje dan ek maksimale druk út op de polityk.

TR_Huitema

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)