Fryslân DOK fan 9 maart 2014 17:00

Embedded yn Fryslân

Rom 1.300 militêren fan 'De brigade fan it Noarden' (43 Meganisearre Brigade)
brûkten fan 17 oant 27 febrewaris Fryslân as oefenterrein. Foar Fryslân DOK gienen de programmamakkers ‘embedded’ mei op ‘en paad, om de operaasje fan binnen út te folgjen.

Faak wurde dit soart oefeningen yn oare lannen dien, mar om mear sichtberens oan de wurksumheden fan definsje te jaan, is der diskear keazen foar Fryslân. Acht dagen lang wurde ferskate senario’s oefene. Situaasjes dy’t ferlykber binne mei wat de militêren op útstjoering tsjinkomme.

By de stabilisaasjeoperaasje 'Dutch Bison' folget Omrop Fryslân it Fryske rezjimint 44 pânserynfanterybataljon ‘Johan Willem Friso’. ‘Dutch Bison’ is in goede gelegenheid foar dat rezjimint om kontakt te lizzen mei de Friezen. De Fryske sersjant earste klasse Bas, kaptein Anthony en plakferfangend bataljon kommandant (PBC) Rein wurde ‘embedded’ folge by de acht dagen lange training. Hoe realistysk is de oefening en hoe ûndergean de Friezen dizze ynvaazje?

Ek te sjen op sneon 8 maart om 10:25 oere en snein 9 maart om 15:30 oere op Nederlân 2.

Share this page on:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)