Fryslân DOK fan 9 juny 2019 17:00

"Op slot", Badpaviljoen Hylpen:

It badpaviljoen fan Hylpen is al jierren in striidpunt tusken de gemeente en de eigener. It ryksmonumint, eartiids ek wol de 'Parel van de Zuiderzee' neamd wurdt net mear brûkt as paviljoen. Jierren fertutearze it gebou bot ta grutte argewaasje fan de gemeente, organisaasjes dy't harren mei monumintesoarch dwaande hâlde en leafhawwers fan it paviljoen.

Op dit stuit is it oan 'e bûtenkant opknapt, mar der soene in tal tige weardefolle histoaryske saken úthelle wêze. De gemeente Súdwest Fryslân hat in twangsom oplein oan de eigener en der rint in rjochtsaak. Beide partijen wolle neat sizze oer de situaasje. Oaren wol. Hylpers en badgasten fan doetiids ha prachtige oantinkens oan it paviljoen. En tagelyk ha se ek soargen oer de takomst fan it gebou dat sa'n rike histoarje hat.

No liket de boel op slot, mar giet ea it stek wer iepen? Elkenien hopet it mar doart der net fan te dreamen.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)