Fryslân DOK fan 9 febrewaris 2020 17:00

Ljocht en skaad oer it sinnepark:

It klimaat feroaret, fossile enerzjyboarnen reitsje útput. Yn 2030 - sa is ôfpraat yn it Klimaatakkoord - moat 70% fan alle elektrisiteit komme fan duorsume boarnen as wyn en sinne. Hoefolle lânskip en natoer wol Fryslân opjaan foar grutskalige sinneparken?

Yn de Fryslân DOK 'Ljocht en skaad oer it sinnepark' siket Dieuwke Kroese nei oerlibjen yn it lyts en yn it grut.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)