Fryslân DOK fan 9 desimber 2018 17:00

De lêste reportaazje

Yn Fryslân DOK dizze wike omtinken foar de Fryske telefyzjeman Johan van der Zee. Van der Zee ferstoarn ôfrûne jier en wie benammen bekend fan syn Fryske bydragen foar it programma 'Van Gewest tot Gewest'. Dokumintêremakker Piter Tjeerdsma folge Van der Zee by it meitsjen fan syn lêste reportaazje yn 2002.

Unike bylden neilitten

Johan van der Zee begûn syn karriêre yn 1965 by de RONO, it lettere Omrop Fryslân. Johan van der Zee kin sjoen wurde as de earste TV-sjoernalist fan Fryslân en hat de provinsje in soad unike bylden neilitten. Foar Omrop Fryslân makke er de lêste jierren in programma wêryn't er werom seach op dy earste reportaazjes. Doe't er yn 2002 mei pensjoen gie by 'Van Gewest tot Gewest' wie dit it langst rinnende programma fan de Nederlânske telefyzje . By syn ôfskied waard bekend dat it programma opheft wurde soe. It waard sjoen as de ein fan in telefyzjetiidrek.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)