Fryslân DOK fan 8 novimber 2020 17:00

Mei it helmhout tusken ús yn, it ferhaal fan de frou op it skûtsje

Eartiids, doe't it skûtsje noch in frachtskip wie, stie de frou like faak oan it roer as har man. Wêrom ken it SKS skûtsjesilen dan noch hieltyd gjin froulike skippers? Dat is de fraach yn de Fryslân DOK: 'Mei it helmhout tusken ús yn'.

Doe't yn Noard-Nederlân de skûtsjes noch fracht ferfierden, diene man en frou it wurk oan board tegearre. It laden en lossen, it silen, it lûken fan it skip. Hy of sy stie oan it roer. Tegearre hiene sy in bedriuw en tegearre stjoerden sy it skip. Oars gong it by it skûtsjesilen simmerdeis. It húsried, frou en bern kamen op 'e wâl, en de man sylde de wedstriid. De frou soarge foar bêd en brochje, foar it feest nei winst en de treast nei ferlies.

Ek no't de SKS, de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen, 75 jier bestiet is yn dy tradisjonele rolferdieling net folle feroare. Froulju sitte meastal op it folchskip, soms binne se bemanningslid. Mar skipper by de SKS, dat is noch nea slagge. Wannear sil de frou, krekt as eartiids op it frachtskip, ek op in SKS-skûtsje oan it helmhout stean?

Yn de ferhalen oer skûtsjes en skûtsjesilen hat de rol fan de frou altyd ûnderbeljochte west. Dokumintêremakker Karen Bies woe yn de Fryslân DOK 'Mei it helmhout tusken ús yn' no ris de frou nei de foargrûn helje. Yn de film komt ek har 101-jierrige beppe oan it wurd, sy wie eartiids tegearre mei har man skûtsjeskipper.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)