Fryslân DOK fan 8 maart 2020 17:00

Aaisikersklup 'De Ald Hij' fan Dearsum fiert fan't maitiid syn 100- jierrich jubileum. Trije jier lyn makke Albert Jensma mei harren de Fryslân DOK: 'Mannen fan it frije fjild'. In film oer hoe't de ljip as nasjonale held en it ljipaaisykjen as foarjierstradysje dêr't in soad opskuor oer is, yn Fryslan libbet. Is der sûnt dy tiid wat feroare ?

Fryslan DOK nimt de sjogger op 'e nij mei nei in pear fûleindige fjildmannen dy't, elk op har eigen wize, alles yn it wurk sette om de greidefûgels, mar ek de tradysje fan it aaisykjen foar Fryslân te bewarjen.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)