Fryslân DOK fan 8 maart 2015 17:00

Dioksine yn Harns Yn Fryslân DOK wurde de aksjes rûnom de dioksine melding yn Harns folge. Toksikolooch Abel Arkenbout toande yn septimber 2013 oan dat der hegere konsintraasjes dioksine yn de aaien fan hobbyboeren sieten. Dêrtroch groeide it wantrouwen yn de ôffalferbaarner fan Omrin yn Harns. Neffens Omrin bliuwt de útstjit fan skealike stoffen in stik ûnder de easken fan de miljeuwetjouwing, mar dochs folgje der nije ûndersiken. De provinsje makket jild frij om in jier lang kontinu op dioksine te mjitten yn de piip fan de REC. Fryslân DOK: Dioksine yn Harns; mjitte, witte en wantrouwe Snein 8 maart om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 7 maart om 15.35 en snein 8 maart om 12.25 oere op NPO 2.
Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)