Fryslân DOK fan 8 juny 2014 17:00

Wynpark Fryslân

Neffens in protte wittenskippers giet it net goed mei it klimaat. De CO2 útstjit is te heech en de ierde waarmet hieltyd mear op. Europa hat dêrom it doel steld dat 14% fan alle ferbrûkte enerzjy yn 2020 duorsum wêze moat. Wynenerzjy leveret in wichtige bydrage oan it útfieren fan dy doelstelling.

Foar Nederlân betsjut dit, dat yn 2020 alle wynmûnen op lân in totaal fermogen fan 6.000 megawatt hawwe moatte. Allinne dan kin de doelstelling helle wurde. Mei dat fermogen kinne 3,6 miljoen húshâldens fan elektrisiteit foarsjoen wurde. Fryslân moat 530,50 megawatt bydrage.
Fryslân DOK stekt de noas yn de wynenerzjy en praat mei haadrolspilers yn de libbendige diskusje oer it pleatsen fan megamûnen op lân en yn de Iselmar.

Ek te sjen op sneon 7 juny om 10:25 op Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)