Fryslân DOK fan 8 july 2018 18:00

Myn Bildt, dou bist 'n keuninkryk (Mijn Bildt, jij bent een koninkrijk)

It Bilt is in moaie plattelânsgemeente yn it noardwesten fan Fryslân, deun tsjin de Waadkust oan. No noch, mar takom jier net mear, want dan giet it op yn de nije fúzjegemeente Waadhoeke. Nei sa'n 500 jier rekket de streek har 'selsstannigens' kwyt. In mearderheid fan de Bilkerts wie tsjin, mar hat it kwea net keare kinnen. Guon freegje har besoarge ôf hoe't no it komt mei it Biltsk eigene, de taal en kultuer dy't sa sterk ferbûn is mei de unike skiednis fan it gebiet.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)