Fryslân DOK fan 8 jannewaris 2017 17:00

Diel fiif: De blik foarút

De amazône Cheré Burger yn it Súd-Afrikaanske Potchefstroom berydt it Frysk hynder Adelprag Anders 451 en hat dêrmei har debút makke op de wrâldruterspullen. Hjirmei skreau se skiednis, want it wie de earste kear dat der in Frysk hynder meidie oan sa’n grut dressuerevenemint. Cheré fertelt oer de takomst fan it Frysk hynder yn de top fan de dressuer. Fierder it grutste Frysk hynder evenemint fan it jier: de Fryske Hynstekeuring.

Hynsteleafhawwers fan oer de hiele wrâld komme byinoar om te sjen nei de keuringen en de shows. ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’, mei 14.000 leden yn fyftich lannen, sjocht hjir ta op de kwaliteit en suverens fan it ras

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)