Fryslân DOK fan 7 oktober 2018 17:00

DE FERBYLDING FAN IT WAAD; 

Making of "WAD" in film fan Ruben Smit

Sawat fiif jier lang wie de filmploech fan Ruben Smit, bekend fan "De Nieuwe Wildernis", geregeld op it Waad te finen om dêr de bysûndere natuer op de grins fan wetter en lân fêst te lizzen. It levere in unike natuerfilm op dy't dizze hjerst yn de bioskopen draait. It spesjale is dat de makkers net filmers binne dy't de natuer fêstlizze, mar ekologen en wittenskippers binne dy't filmje.

Dat leveret in tige orizjineel byld op fan It Waad, want no sjoen troch it each fan de ekolooch en filme mei it hert fan de keunstner. Fryslân DOK folge de ploech fan Ruben Smit by de opnamen ûnder somtiden barre omstannichheden.

Spitigernôch is dizze ôflevering fan Fryslân DOK net online werom te sjen.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)