Fryslân DOK fan 7 febrewaris 2016 17:00

Fan opfang nei fangnet, de frijwilligers fan Vluchtelingenwerk

We sjogge de bylden alle dagen foarbykommen. Geweld, konflikt en diktatuer bringe de wrâld op ‘e drift. Flechtlingen komme massaal nei Europa. Se wurde opfongen en holpen troch organisaasjes as it Reade Krús en ek boargers sette harren yn by de earste opfang. Klean wurdt brocht, bêden delset.

Mar wat bart der dêrnei? Wa binne der om de nije boargers de Nêderlanske mienskip yn te loadsen? Wa helpt se mei de taal, de juridyske saken en de gewoane saken fan it deistich libben? VluchtelingenWerk nimt in grut part fan dy taken op har. Mei in soad frijwilligers sette sy harren yn foar de flechtlingen.

Yn dizze Fryslân DOK wurdt it wurk fan in tal frijwilligers folge. De dokumintêre ‘Fan opfang nei fangnet, de frijwilligers fan VluchtelingenWerk’ lit sjen wat harren beweecht, wat se betsjutte foar de asylsikers en hokker problemen sy tsjinkomme yn harren wurk.

Fryslân DOK: Fan opfang nei fangnet, de frijwilligers fan Vluchtelingenwerk
Snein 7 febrewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 6 febrewaris om 15.30 oere en snein 6 febrewaris om 13.00 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)