Fryslân DOK fan 6 oktober 2013

Leafde foar in stêd: it Ljouwert fan Sems
Fryslân DOK oer de Fryske kartograaf Johannes Sems

Ljouwert is op it stuit yn de bân fan de Gouden Ieu. En dat is net sa raar betocht, want der binne wol wat oerienkomsten te betinken tusken de bloeiende stêd fan doe en no. Neist de grutte tentoanstelling yn it nije Fries Museum is der op it stuit ek wat moais te belibjen by it Historisch Centrum Leeuwarden.

It Historisch Centrum Leeuwarden hat ek in eksposysje oer de Gouden Ieu en dêr leit in bysûndere stedskaart út 1603 oan de basis fan in nijsgjirrige tentoanstelling. Dy kaart is makke troch de ferneamde Fryske kartograaf Johannes Sems. Neffens kenners is it de meast detaillearre en bêste kaart dy't yn dy tiid makke is. Sels sa detaillearre dat histoarisy der noch altyd nije ynformaasje op ûntdekke, ûnmisber foar elkenien dy't de skiednis fan Ljouwert begripe wol. De publykslûker fan de tentoanstelling is in 3D animaasje fan de kaart, makke yn opdracht fan it HCL en bekostige troch sa'n 250 Ljouwerters dy’t op de kaart in pân adoptearren.

Yn de dokumintêre 'Leafde foar in Stêd: It Ljouwert fan Sems' it ferhaal fan dy Ljouwerters en harren grutte leafde foar in histoaryske kaart.

Fryslân DOK: Leafde foar in stêd: it Ljouwert fan Sems
Snein 6 oktober om 17:10 oere en dêrnei fan 18:30 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Sneon 5 oktober om 10:25 oere op Nederlân 2. Nochris te sjen op snein 6 oktober om 15:30 oere op Nederlân 2.

Share this page on:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)