Fryslân DOK fan 6 novimber 2011

Lytse skoallen

Fryslân hat de measte lytse skoallen fan hiel Nederlân, mar troch de krimp en besunigings yn it ûnderwiis driigje der hieltyd mear fan dy lytse skoaltsjes te ferdwinen. Foar basisskoalle Mids de Marren op ‘e Gaastmar wie it ek hast safier. De doarpsskoalle soe slute moatte omdat dy te min learlingen hat.mar troch de krimp en besunigings yn it ûnderwiis driigje der hieltyd mear fan dy lytse skoaltsjes te ferdwinen. Dokumintêremakker Marja Wiersma folge it ôfrûne skoaljier personiel en learlingen en harren âlders fan Mids de Marren. It slagge de skoalle de driigjende sluting foar te kommen, mar hoe lang hâlde sy dat noch fol?

Op Mids de Marren sieten it ôfrûne skoaljier 22 bern en dat is wetlik sjoen ien te min. Sa jout juf Froukje Bakker les oan de middenbou, in kombinaasje fan groep 3, 4 en 5. Sy hat 9 bern yn ’e klasse, allinne mar jonkjes. Master Klaas Zwanenburg jout les oan de boppebou, in kombinaasje fan groep 6, 7 en 8. Mei-inoar binne dat 7 bern. En Sietske sit allinnich yn groep 6, mar dat is sy wol wend, want sy sit har hiele libben al allinnich yn ’e klasse. Sy hat it hiel bot nei it sin op Mids de Marren.
 

Fryslân hie yn 2010 hast 100 skoallen mei minder as 50 bern, sa’n 25 dêrfan hiene minder as 35 bern. En hoe’t al dy doarpen ek stride foar it behâld fan harren doarpsskoalle, de lytse skoalle sit yn swier waar. Troch de krimp yn parten fan Fryslân sille hieltyd mear lytse skoallen slute moatte omdat sy te min learlingen hawwe. In proses dat net te kearen is yn in tiid fan besunigings, want lytse skoallen binne relatyf djoer. Sintraal, tusken in tal doarpen yn, sil dan in grutte skoalle oerbliuwe mei ekstra foarsjennings lykas foar- en neiskoalske opfang.

Direkteur Reitze Sybesma wurke 13 jier op Mids de Marren en naam yn augustus ôfskie. Hy ergeret him oan dy ûntwikkeling: ‘’Mids de Marren is in goeie skoalle en sa binne der folle mear lytse skoallen dy’t goed binne. Mar de stimming is: krimp, lytse skoallen leverje minne kwaliteit en binne sosjaal net sûn. Dus lytse skoallen moatte mar opgean yn gruttere ienheden. Dat yrritearret my.’’

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)