Fryslân DOK fan 6 juny 2021 17:00

Spiritualiteit op it flakke lân

Yn 'Bezint eer ge begint' ûndersykje programmamakkers Albert Jensma en Bart Kingma de rol fan spiritualiteit op it plattelân. It is diel 8 fan de searje 'Beklimmers fan it flakke lân'. Dêryn siket FryslânDOK nei lytsskalige, lokale inisjativen op basis fan grutte ideeën en idealen.

Ut 'e tiid stappe
Neffens filosoof Joke Hermsen binne stilte, kalmte en oandacht belangrike foarwaarden foar kreativiteit en helder tinken. Minsken wurde hjoeddedei sa opjage troch de klok, dat se it risiko rinne op in burnout. We moatte, seit Hermsen, sa no en dan oan de kloktiid ûntsnappe. Dy 'tuskentiid' ha wy nedich.

Besinningstoerisme yn Skettens
Ek de Bêd & Brochje yn de tsjerke fan Skettens lûkt minsken dy't sykje nei spiritualiteit en besinning. Se sliepe yn de toer en ite it moarnsbrochje yn de konsistoary. It tsjerkebestjoer neamt de tsjerke 'Us Stille Misjonaris'.

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)