Fryslân DOK fan 6 desimber 2020 17:00

Bûter, brea en swarte bledsiden - De skaadkant fan Grutte Pier

Yn dit 500e stjerjier fan Grutte Pier ûndersiket programmamakker Bart Kingma yn syn Fryslân DOK 'Bûter, brea en swarte bledsiden' de myte fan dizze folksheld. Ferskate persoanen stelle syn status ta diskusje.

De Fryske frijheidsstrider Grutte Pier (Pier Gerlofs Donia, ca. 1480 -1520) wurdt troch in protte Friezen sjoen as in ikoan foar harren identiteit. Syn krêft, syn rjochtsinnichheid en ferset tsjin ynminging fan bûten, appellearret sterk oan gefoelens fan grutskens en autonomy. Mei syn leger fan boeren en hierlingen 'De Arumer Zwarte Hoop' fjochtet Grutte Pier tsjin 'de Hollanners' foar in ûnôfhinklik Fryslân. Hy soe in enoarme keardel west hawwe. Dat byld fan in twa meter lange boer mei in swurd fan seis kilo makket syn heldhaftich optreden noch fabeleftiger. 'Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries' wurdt taskreaun oan Grutte Pier, dy't der sa efter komme woe oft er mei Hollanners of mei Friezen te krijen hie.

Yn de Fryslân DOK 'Bûter, brea en swarte bledsiden' ûndersiket Bart Kingma hoe't Grutte Pier útgroeie koe ta mytyske proporsjes. Pier hat in soad bloed fergetten en ek net folle berikt foar de Friezen. Histoarikus Josse Pietersma lit yn de dokumintêre sjen dat Grutte Pier net folle mear wie as in spylbal yn in grut Europeesk machtsspul, dêr't de frijheidsstrider sels totaal gjin fet op hie.

Direkteur Bert Looper fan Frysk histoarysk sintrum Tresoar kin syn argewaasje amper ferbergje oer de ikoanisearring fan Grutte Pier, omdat Pier in achterhoedegefjocht fierde yn in tiid dêr't Fryslân krekt grutte stappen foarút sette.

Willem Schoorstra, skriuwer fan in histoaryske roman oer Pier, set syn fraachtekens by it romantisearjen en fiksearjen fan histoaryske figueren, sa't de Friezen mei harren folksheld dogge. Fiifhûndert jier nei 'Bûter, brea en griene tsiis', it sechje dat noch hieltyd - meastal ûnskuldich - brûkt wurdt yn Fryslân, lêst men no de swarte bledsiden yn de skiednis fan Pier Gerlofs Donia.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)