Fryslân DOK fan 6 desimber 2015 17:00

Boargemasters yn krisistiid

De grutte mannichte Syryske flechtlingen yn Grikelân en Itaalje liket foar de simmer noch fier fan Nederlân. Yn augustus en septimber groeit de stream flechtlingen mei de dei. We sjogge alle dagen bylden fan minsken dy’t nei in libbensgefaarlike boattocht Europa ynlûke en geandefoets fierder rinne. Famyljes, jonge manlju en âlderen. Allegearre op drift rekke troch it geweld fan IS.

Yn Nederlân sitte de asylsikerssintra troch de enoarme oanrin fol; trochstreaming nei de reguliere wenningbou is der amper. Gemeenten wurdt dêrom frege flechtlingen op te fangen. Yn Fryslân is Harns ien fan de earste gemeenten dy’t krisisopfang regelje moat; Kollumerlân nimt de groep dêr letter oer. Yn Ljouwert komt yntusken in needopfang yn in hal by it WTC. De gemeente Smellingerlân bliuwt bûten byld foar krisisopfang. Yn dy gemeente is wol in opfang foar minderjierrige asylsikers en in needopfang by it besteande azc.

Wat is de rol fan de boargemaster yn dizze perioade? De earste boarger fan de gemeente is it gesicht en oansprekpunt foar de ynwenners. Yn Fryslân DOK komme de belutsen boargemasters oan it wurd. Dat binne ûnder oaren Ferd Crone fan Ljouwert, Bearn Bilker fan Kollumerlân, Tjeerd van Bekkum fan Smellingerlân en Roel Sluiter fan Harns. In dokumintêre oer krisis, tsjinstân, waarmte, emoasje, gearwurking, driuwfearren en dilemma’s.

Fryslân DOK: Boargemasters yn krisistiid
Snein 6 desimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Ek te sjen op sneon 6 desimber om 15.40 oere en snein 5 desimber om 12.25 oere op NPO 2.

Share this page on:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)