Fryslân DOK fan 5 oktober 2014 17:00

Fleanend de takomst yn. De fleanbasis Ljouwert stiet oan it begjin fan de nije takomst fan de loftmacht. Hie definsje earst noch it foarnimmen om de Fryske basis te sluten, no is dúdlik dat de beide nije tastellen fan Nederlân dêr in plak krije: De MQ-9 Reaper en de F-35. De MQ-9 Reaper is in drone dy't op tûzenen kilometers ôfstân bestjoerd wurde kin. It grûnstasjon komt op de fleanbasis Ljouwert te stean. Ek de F-35, oftewol de JSF, kriget dêr in plak. Krekt lykas by de F-16 moat de fleanbasis Ljouwert it kennissintrum wurde foar de brûkers fan dat tastel. De nije takomst wurdt taret yn de Feriene Steaten. Bygelyks op de fleanbasis Eglin yn Florida dêr't de earste minsken leare te wurkjen mei de F-35. En midden yn de woestyn fan New Mexico, op de fleanbasis Holloman. Dêr krije de earste minsken ynkoarten harren oplieding foar it bestjoeren en betsjinjen fan de MQ-9 Reaper, in drone, of oars sein, in Unmanned Aerial Vehicle (UAV). Al dizze plannen betsjutte dat der wer ynvestearre wurdt op de fleanbasis. Dat wurdt net inkeld dien yn gebouwen, mar ek yn minsken. Sa sil nei de takomst ta de gearwurking mei de hegeskoallen fierder útboud wurde. Sels no't op de basis hurd wurke wurdt oan in nije takomst, wurdt ynset frege fan F-16's en personiel yn de striid tsjin IS. De fleanbasis Ljouwert hat dus wer in takomst. Ien dy't opboud wurdt yn de Feriene Steaten om nei 2018 útrôle te wurden yn Ljouwert. De Ljouwerter fleanbasis kin 'fleanend de takomst yn'. Fryslân DOK: Fleanend de takomst yn Snein 5 oktober om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 4 oktober om 10:30 oere en op snein 5 oktober om 15:30 oere op NPO 2.
Share this page on:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)