Fryslân DOK fan 5 novimber 2017 17:00

Yn de Fryslân DOK muzykdokumintêre ‘Hjir’ steane trije populêre Fryske bands sintraal. Sy diele alle trije ien ding: se hawwe allegearre in besite brocht oan bysûndere lokaasjes om dêr harren nij komponearre muzyk op te nimmen.

Yn de film wurdt de wikselwurking dy’t ûntstiet tusken de muzikanten en de lokaasje dêr’t sy muzyk opnimme beljochte. Dy bands en lokaasjes binne: Sväva yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert, The Future’s Dust yn it Karmelkleaster yn Drachten en The Black Atlantic yn Dekema State yn Jelsum.

Yn ‘Hjir’ wurdt fan meardere ferhalen in nij ferhaal makke. Oer in hjir en no wêryn’t nije muzyk in histoaryske lading kriget en oan âlde plakken in nije betsjutting jûn wurdt. Ien fan de muzikanten beneamt it hiel treffend: "Fan tefoaren tochten wy dat wy mei ús muzyk in bepaalde lokaasje yn in bepaald deiljocht stelle moasten, mar no tink ik dat dizze lokaasje ús yn in bepaald deiljocht sette”.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)