Fryslân DOK fan 5 july 2020 17:00

Fjouwer nije skriuwers oan de Berchrede fan it Flakke Lân:
Diel 3 mei Nynke Laverman en Govert Geldof

Nynke Laverman wurket oan har nije foarstelling 'Plant'. In ferhaal oer in frou dy't beslút har persoanlikheid yn te ruiljen foar it bestean fan in plant, om sa in útgong te finen út it fort fan beton en materialisme. De coronakrisis twingt de poadiumkeunstneres ta oare foarmen fan teater.

Govert Geldof ferdjippet him al jierren yn it tema 'kompleksiteit'. Neffens him is de maatskippij te kompleks om der fet op te krijen. Bestjoerders soene dan ek net besykje moatte om grutte, oerkoepeljende plannen te betinken, mar fertrouwe moatte op it fakmanskip fan de minsken yn de praktyk.

De podcast 'Ferhalen fan it Flakke lân' fan Fryslân DOK is te downloaden fia de podcastkanalen iTunes, Google en Spotify. De essays wurde publisearre op www.demoanne.nl

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)