Fryslân DOK fan 5 febrewaris 2017 17:00

Janpier Brands – ambassadeur fan it eigen lûd

Janpier Brands, direkteur fan Neushoorn yn Ljouwert en besiele oanjeier fan de popkultuer yn Fryslân, stiet op ‘e bres foar in persoanlik eigen lûd. Nei tweintich jier yn it Noarden ferruilet hy de provinsje foar it avant-garde sintrum Worm yn Rotterdam. Nei de krêft fan de breedte lonket no de krêft fan de ferdjipping.

Les op de muzykskoalle hat hy wol hân, mar dat fûn er ‘stom’. Alles lei dêr al fêst en Janpier woe de dingen sels útfine, mei syn eigen minsken. Dat begûn al yn syn tiid as gitarist en tekstskriuwer fan de Stalin Orgels, in Frysktalige punkband yn de lette jierren tachtich. Mei de hobbyrockers, de campingradio op Lowlands, in funksje as beliedsmeiwurker fan Simplon yn Grins en letter Eurosonic Noorderslag, ûntwikkele Brands syn karriêre yn de popkultuer. Fierder joech er, tegearre mei direkteur Albert van der Kooij, op eigensinnige wize stâl oan it ûnderwiis op de nije Akademy foar Popkultuer yn Ljouwert. 

Doe’t twa jier ferlyn de posysje fan direkteur fan Neushoorn foarby kaam, wie hy de perfekte persoan foar de funksje. Mar oan dy perioade is foar Janpier no in ein oan kaam. De ‘underground’, de foaroprinners yn de popkultuer, dy hawwe syn hert. Persoanlik, regionaal, mar mei universele sizzenskrêft en maatskiplike relevânsje; dêr giet it him om.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)