Fryslân DOK fan 5 april 2020 17:00

De stille ferwûndering fan Jan Mankes:

Yn 2001 makke Gryt van Duinen in film oer it libben en wurk fan Jan Mankes. Unyk materiaal, dat no op 'e nij brûkt wurdt yn in nije dokumintêre oer de skilder. Direkteur Ype Koopmans liedt ús rûn yn Museum MORE yn Gorssel, dat 35 topstikken fan Mankes by elkoar bringt. Keunstner Annelies Alewijnse út Penjum lit sjen hoe't sy mei har kollaazjekeunst ynspirearre rekke troch it wurk fan Mankes.

It is dit jier 100 jier lyn dat de keunstner Jan Mankes fan De Knipe ferstoarn is. Yn Museum MORE yn Gorssel en Museum Belvédère op it Hearrenfean binne dêrom spesjale tentoanstellingen.  

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)