Fryslân DOK fan 4 oktober 2015 17:00

‘Dûnsje mei de tiid’ is in Fryslân DOK-dokumintêre oer de Jouster klokkemakker Johan ten Hoeve (1984). As soan fan de bekende Fryske klokkemakker Jacob ten Hoeve groeide Johan op yn de wrâld fan oerwurken en masinen fan syn heit.

Johan folge de prestizjeuse stúdzje ‘Clocks Conservation and Restoration’ oan it Ingelske West Dean College. Al wilens dy stúdzje ferraste er mei in replika fan in ferneamde ‘Tompion clock’ foar The Royal Observatory, dat jierliks troch sawat 2 miljoen minsken besocht wurdt. Mei dy opdracht fêstige Johan syn namme yn de Ingelske klokkemakkerswrâld. Hjoeddeis wurket hy yn syn wurkplak yn Londen oan bysûndere opdrachten fan oer de hiele wrâld.

Mar it súkses komt net fansels. ‘Dûnsje mei de tiid’ is benammen in portret oer de woartels fan Johan syn tawijing. In ferhaal oer hoe’t je alles út it libben helje, omdat je de rezjy dêroer samar ferlieze kinne...

Fryslân DOK: Dûnsje mei de tiid
Snein 4 oktober om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 3 oktober om 15.40 oere en snein 4 oktober om 12.25 oere op NPO 2.

Share this page on:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)