Fryslân DOK fan 4 maaie 2014 17:00

Werom nei Yde

Strafkamp Yde wie in wat ûnbekend strafkamp yn it doarp Yde yn Drinte. Der sieten in soad Friezen, dy't oan 'e ein fan de Twadde Wrâldoarloch oppakt wiene troch de Dútsers. Sy moasten wurkje oan in grutte ferdigeningsliny: ‘de Frieslandriegel’. Ien fan harren wie Eelke Dykstra fan Burgum. Hy hâlde in deiboek by fan dy tiid. Fryslân DOK giet mei werom nei Yde.

De pakesizzer fan Eelke Dykstra, Erik, is dwaande mei in boek oer de skiednis fan it kamp. Mei fjouwer gefangenen fan doe hat er in soarte fan reüny op tou set, om de ferhalen op te tekenjen oer it kamp dat fergetten is, mar dat de minsken dy't dêr sieten in libben lang by bleau.

Dy reüny is de reade tried yn de dokumintêre: ‘Werom nei Yde’. Nei hast santich jier komme by de manlju in soad ferhalen wer boppe. Ymposante ferhalen, mar nettsjinsteande de omstannichheden ek moaie ferhalen. Opfallend is dat elkenien de tiid yn it strafkamp hiel oars belibbe hat. De iene fielde him dêr feilich, de oare hie de driuw om sa gau as mooglik te ûntsnappen.

Ek te sjen op sneon 3 maaie om 10:30 oere en snein 4 maaie om 15:25 oere op Nederlân 2.

Share this page on:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)