Fryslân DOK fan 4 april 2021 17:00

De dreamen fan Jan Mesyntsje (1882-1947)

Jan K. Elzinga (1882-1947) út Sumar luts yn it begjin fan de foarige iuw yn it hiele lân in soad besjen mei syn selsboud meganysk keunstwurk, dat Salomo's rjochtspraak ferbylde. Syn libbenswurk is no yn Museum Martena yn Frjentsjer te bewûnderjen. Yn stilstân, want it kwetsbere meganyk spilet net mear.

Filmer Henk Penninga filme it keunstwurk yn aksje doe't it yn 1978 restaurearre waard. Hy hat bewûndering foar it 'echte' en it 'kwetsbere' fan Elzinga's wurk. Ek ien fan de restaurateurs, Hans Rooij, jout acte de presence. Keunstner Gerrit Terpstra makke yn de jierren njoggentich wurk ynspirearre op Jan Elzinga, ûnder it adagium: 'meitsje is tinke'. Friedell Derksen fan Museum Speelklok yn Utrecht jout kontekst, mei de skiednis fan dit soarte saneamde 'automaten'. Swart-wytanimaasjes fan René Toldt meitsje de film oant in hearlik sjochferhaal mei, lykas konservator Marjan Brouwer fan Museum Martena seit: 'een tragische inslag'. Want lettere útfinings fan Elzinga's hân krije gjin poat oan 'e grûn. Hy slyt úteinlik syn dagen as klokmakker yn Wurdum en stjert op 65-jierrige leeftyd.

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)