Fryslân DOK fan 31 maart 2019 17:00

"Soarte fan Itselde"; giet oer in Fryske en Oekraynske sjonger dy't al muzyk meitsjend mei in buske fan Oekraïne nei Fryslân reizgje. YVI (Diederick Brandsma) en Sasha Boole (Oleksandr Bulich) wurde folge op harren rûzige syktocht nei ynspiraasje en in objektyf wrâldbyld.

It is it ferhaal fan twa markante persoanen op twa einen fan in kontinint, dy't - sûnder dat se inoar ea sjoen hawwe - stadichoan ûntdekke dat se net sa ferskillend binne as se earst tochten. Mar de dokumintêre fertelt ek de ferhalen fan it neilittenskip fan it kommunisme. De film waard makke as ûnderdiel fan it ambisjeuze 'Transmission' projekt fan it Fryske produksjehûs "De Popfabriek". Utgongspunt is it muzikaal, kultureel en geografysk ferbinen fan twa tige útinoarrinnende gebieten: Fryslân/Nederlân en De Oekraïne.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)