Fryslân DOK fan 31 jannewaris 2021 17:00

Ien skoalle, 17 talen

Op it sterke fûnemint fan de memmetaal bouwe bern makliker in twadde taal. Hoe giet dat op in skoalle mei mar leafst 17 ferskillende thústalen? Fryslân DOK is op de IKC Sint Jozefskoalle op It Hearrenfean.

Regisseur Thom Verheul filmet op dizze skoalle, dêr't in tredde part fan de 117 bern thús in oare taal praat as it Nederlânsk. Der is in grutte diversiteit yn komôf en sosjale ûntwikkeling.

Wittenskiplik ûndersyk lit sjen dat bern mei in rike taalûnderfining makliker in oare, frjemde taal leare. Meartalichheid wurdt op de Sint Jozefskoalle sjoen as in pree. Oft it no Frysk, Ingelsk, Arabysk of Nederlânsk is, de wurdearring is itselde. It brûken fan de memmetaal wurdt stimulearre, omdat dêrtroch it learen fan it Nederlânsk ek better giet.

Coco
It bekroande printeboek 'Coco kan het' fan Loes Riphagen is yn 7 talen útbrocht, sadat âlders it yn de eigen taal oan de bern foarlêze kinne. It boek giet oer in fûgel dy't earst net doart te fleanen, mar letter dochs de moaiste foarmen yn 'e loft makket. Mei dit boek leare bern om har, krekt as Coco, emosjoneel út te drukken yn har eigen memmetaal. Sa wurdt de yntegraasje fan âlders en bern fersterke. It doel is gelikense kânsen yn it ferfolchûnderwiis, sûnder it probleem fan in taalachterstân. It foarlêsprojekt wurdt yn 'e mande mei de Bibliotheek en it Digi-Taalhuis op It Hearrenfean dien.

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)