Fryslân DOK fan 30 septimber 2018 17:00

De reis nei Gruttopia, diel 4: Conference of the birds

De Fryske skries Amalia en de Fryske fûgeler en komponist Sytze Pruiksma binne op in bysûndere wize mei inoar ferbûn. Sûnt 2013 folgje sy inoar. Amalia bried al 5 jier yn 'e buert fan Weidum wêr Sytze wennet en wurket. Sytze folget Amalia nei al har trekgebieten yn Afrika, Spanje en Portugal. Harren ferbyntenis en de dêrop ynspirearre muzikale projekten leverje stof op foar in searje fan fjouwer ôfleveringen fan Fryslân DOK. Hjoed diel 4.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)